Tomatetylt op skieppewol

15 feb 2005 - 19:25

Grientetylder Hartman fan Seisbierrum sil ynkoarten besykje tomaten te ferbouwen op skieppewol. It is in initsjatyf fan in isolaasjebedriuw fan Texel. Dat wol ûndersykje oft der miljeufreonliker wizen binne foar it kweken fan planten as bygelyks stienwol. It giet foarearst om in test.

Neffens Hartman leit it foardiel yn de duorsumheid fan it produkt. Skieppewol kin nei gebrûk mei minder skea foar it miljeu ferwurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)