Tom Philipspaad op It Fean

05 nov 2013 - 10:44
  • Tom Philips
  • It Tom Philipspaad op It Hearrenfean

It Hearrenfean krijt in Tom Philips-paad. Tom Philips ferstoar twa jier lyn oan de seldsume stofwikselingssykte Jansky-Bielschowsky. Selsstannich funksjonearjen wie foar him net mear mooglik. Tom moast 24 oeren deis fersoarge wurde. De sykte fan Tom hat op syn buertbewenners grutte yndruk makke. Dêrom is it idee ûntstien om in paad nei him te ferneamen. Dat sil kommende snein iepene wurde op bûtenpleats Heerenwoud by It Hearrenfean.

De stichting Tom On the Move stipet by mobiliteit yn it gefal fan de stofwikselingssykte.

Doedestiids waard der in spesjaal oanpaste TOM-bus foar oantúchd. Dy bus rydt no yn Limburch, by Joey Stock. Joey hat ek de sykte Jansky Bielschowski.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)