Tom Kok nije foarsitter ISOC

19 nov 2003 - 00:00

Undernimmer Tom Kok fan Snits is de nije foarsitter fan de Internet Society Nederlân. De ISOC is aktyf yn 170 lannen en set him yn foar tagonklik en feilich ynternet.

Kok folget Koos Andriessen op. De eardere minister fan Ekonomyske Saken wie seis jier foarsitter fan de klub. Kok hat in bedriuw dat tsjinsten op it mêd fan ynnovaasje oan bedriuwen leveret. Yn augustus waard syn eardere ynternetbedriuw fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)