Tolve stêden yn Fryslân

10 feb 2005 - 06:50

Yn de nije ensyklopedy mei wiidweidige ynformaajse oer alle stêden yn Nederlân, steane net alve mar tolve Fryske stêden. Njonken de bekende alve wurdt nammentlik ek Berltsum as stêd oanmurken.

Skriuwer Joost Cox fan de nije stêde- ensyklopedy is gemeentesekretaris fan Alkmaar. Cox hat allerhande dokuminten boppe wetter helle dy't sjen litte dat Berltsum 650 jier lyn echt in stêd wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)