Tolve jier sel easke tsjin Enise B.

20 jan 2016 - 17:27
  • Antonio van der P. en Enise B.

Justysje hat yn heger berop tolve jier sel easke tsjin Enise B. B wurdt derfan fertocht dat se yn 2014, tegearre mei har freon Antonio van der P. fan De Harkema, in spoar fan geweld troch it lân luts. Enise B. hat hast alle feiten dy't har ferwiten wurde bekend, allinne de poging ta deaslach op in frou yn Meppel sprekt se tsjin.

It gangsterduo waard nei in klopjacht yn Dútslân pakt foar ûnder oaren poging ta deaslach, gewelddiedige stellerij, swiere mishanneling en ôfparsjen.

Antonio van der P. krige sechstjin jier sel, hy gie net yn berop. Woansdei wie er wol by de saak yn Ljouwert oanwêzich, as tsjûge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)