Tolve jier easke yn moardsaak

06 mrt 2014 - 15:23
  • It ûndersyk by it hús dêr't de deade man fûn is.

Tsjin in 52-jierrige frou dy't ferline jier Pinkster by in moard yn Harns belutsen wie, is tolve jier sel easke. In 37-jierrige manlike meifertochte út Harns krige woansdei tsien jier sel mei tbs as strafeask te hearren. It wie earst ûndúdlik wat de rol fan de frou yn de saak wie.

De manlike fertochte hat bekend dat er op it slachtoffer (56) ynslein hat mei in honkbalkneppel. Hy sei dat de frou ek slein hat. Neffens it Iepenbier Ministearje docht út ferklearrings fan wer in oare persoan bliken dat de frou yndie mei in kneppel slein hat.

De eask tsjin de man falt leger út, omdat er meiwurke hat oan ûndersyk yn it Pieter Baancentrum. Yn syn strafeask sit tbs en yn dy fan de frou net.

De moard wie yn it hûs fan it slachtoffer oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)