Tolve clubs yn 1e divyzje

19 feb 2009 - 23:00

In earste divyzje fan tolve clubs is wat te betiid, mar dat der ferienings ferdwine sille is, wol dúdlik. Dat seit direkteur Alex Pama fan Sportclub Cambuur. Hy reagearret op útspraken fan direkteur Henk Kessler fan it fuotbalbûn KNVB.

Dy seit dat der troch de gefolgen fan de kredytkrisis miskien mar tolve ferienings oerbliuwe yn de earste divyzje. Fan de tweintich hjoeddeiske klubs is der al in groep dy´t it finansjeel dreech hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)