Tolve bûtenboardmotoaren fuort

18 jun 2014 - 11:38

Yn Heech binne tolve bûtenboardmotoaren stellen by in wettersportbedriiuw oan It Eilân. De stellerij hat tusken moandeitejun 22.00 oere en tiisdeitejûn 20.15 oere west. De motoaren sieten fêst mei in hingslotsje. De boaten leinen neist elkoar yn it haventsje. De plysje tinkt dat de dieven fan it wetter ôf taslein hawwe. It giet om Mercury motoaren, type langsturt, 4 PK, 4 takt en boujier tusken 2001 en 2008. It opfallende is dat de binnentank derút helle is en dat der in rûn kapke boppeop pleatst is.

Alve motoaren binne fan it bedriuw en sieten op hierboaten. De tolfde kaam fan in partikuliere boat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)