Tolve boeken op 'longlist' Gysbert Japicxpriis

03 mrt 2015 - 16:08
  • It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat in longlist bekendmakke fan tolve Frysktalige romans of ferhalebondels. Op de list steane titels fan bekende auteurs mar ek in pear debuten. De advyskommisje stelt dat se foar de longlist boeken keazen hawwe ‘mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte'.

Der auteurs fan nominearre boeken binne ûnder oare Marga Claus, Anne Feddema, Koos Tiemersma, Josse de Haan, Hylke Speerstra. Willem Schoorstra en Ale van Zandbergen.

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Dit jier is it proaza oan bar. It giet om wurk útkommen yn de kalinderjierren 2011 oant en mei 2014. Mei-inoar ferskynden yn it oanbelangjende tiidrek mear as 130 oarspronklike Frysktalige proazatitels. De advyskommisje bestiet út Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens.

De nominearre titels binne: As gong dêr in oar – Leo Popma, De triennen fan Cheetah – Anne Feddema, Einum – Koos Tiemersma, Frou mei mandoline op sofa – Josse de Haan, In kop as in almenak – Elske Hindriks, It libben fan in oar – Jetske Bilker, Kofje ferkeard – Margryt Poortstra, Kompleten – Marga Claus, Littenser Merke – Ale S. van Zandbergen, Op klompen troch de dessa – Hylke Speerstra, Rêdbâd – Willem Schoorstra en Wat it is om bang te wêzen – Sipke de Schiffart.

Op 1 juny makket de advyskommisje de shortlist bekend fan trije titels. Op 11 septimber wurdt de winner fan de Gysbert Japicxpriis bekendmakke. De feestlike priisútrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneontemiddei 10 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)