Tolve bedriuwen hawwe jild krigen út it ûndernimmersfûns

15 des 2014 - 17:29

Tolve bedriuwen ha oant no ta jild krigen út it fûns 'Ondernemersimpuls Fryslân'. Dat is opset troch de Kredytbank Fryslân mei jild fan de provinsje. Bedriuwen dy't by de bank gjin liening krije foar in ynvestearring fanwege de strangere betingsten kinne in oanfraach dwaan by dit fûns. It giet dan om bedragen oant in ton.

Direkteur Ger Jaarsma fan de kredytbank is bliid dat it fûns oan liket te slaan. Neffens him is der dúdlik ferlet fan dit soarte fan kredytfoarsjennings. Mei-inoar is der trije miljoen beskikber yn it fûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)