Tolsma's ride oer de Moark

27 jan 2010 - 12:43

Foar it earst sûnt 2002 binne woansdei wer reedriders oankommen by Kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk. Dêrmei giet in âlde tradysje fierder.

De tradysje is dat de earste riders dy't fan it Ald Tolhûs yn Ljouwert oer de Moark nei it kafee yn Aldtsjerk ride har namme op in balke yn it kafee skriuwe. Dizze kear wiene dat Rinse Tolsma út Aldtsjerk en syn omkesizzer Rene Tolsma út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)