Tolk wol ekskuzes Verdonk

07 des 2004 - 14:36

De Drachtster tolk Ali Soleimani wol ekskuzes fan minister Verdonk fan frjemdlingesaken. Oanlieding is de skriftlike reaksje fan de minister op in brief fan Soleimani oer it útsetten fan útprosedearre asylsikers.

De tolk koe it lijen fan de asylsikers net langer oansjen en hâlde op mei syn tolkwurk. Neffens de minister moat Soleimani mar nei de húsdokter. De tolk fynt dat Verdonk har net bemuoie moat mei syn priveesaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)