Tolk seit wurk fertreksintra op

15 sep 2004 - 12:28

De Drachtster tolk Ali Soleimani hat in grut part fan syn wurk mei útprosedearre asylsikers opsein. Hy kin it lijen fan de asylsikers en de ûnrjochtfeardigens fan it belied fan minister Verdonk net mear oan.

Yn in iepen brief oan minister fan Justysje Donner seit er syn wurk yn de fertreksintra op. Hy freget syn kollega's itselde te dwaan. Soleimani seit nachts wekker te lizzen fan de ûnrjochtfeardige rjochtsittings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)