Tolhúsbrêge op De Jouwer wurdt heger en breder

03 nov 2015 - 10:20
  • De Tolhúsbrêge wurdt heger en breder makke

De Tolhúsbrêge op De Jouwer wurdt ferfongen. De nije brêge wurdt heger en breder makke en dat betsjut dat it ferkear dêr in skoft lêst fan hat. It wurk duorret sa'n trije moanne. As de nije brêge klear is, is der oan beide kanten romte foar terrassen fan de kafees en restaurants.

Yn de Kolk komt in sloepehaven, mar ek de besteande lisplakken krije wer plak yn de fernijde Kolk. As alles goed giet, is it wurk ein jannewaris takom jier klear. It projekt is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)