Tokkies nei Fryslân?

01 okt 2004 - 11:19

De Tokkies út Amsterdam kinne in wenning keapje yn Nes, Dongeradiel. Foar 285.000 euro hat Simon Siekman syn pleats te keap set foar dizze bekende asosjale famylje. Hy hat yn De Telegraaf in advertinsje pleatst.

Dêryn ropt er har begelieder Emile Ratelband op om te reagearjen. Siekman tinkt dat de Tokkies folop genietsje sille fan de rêst en rûmte yn Nes. De buert reagearret wikseljend op de mooglike komst fan de Tokkies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)