Toertochten stean faai

11 jan 2010 - 11:07
  • De baan by Hylpen sneon

De toertochten fan woansdei by Hylpen en Surch stean faai. It iis is folle minder wurden as earst. Yn Hylpen wurdt moandeitejûn offisjeel in beslút naam oer de tocht. De kâns is grut dat er ôfsein wurdt.

By Surch is moandeitemoarn it iis noch besjoen. Der lizze stikken iepen dêr't freed noch 11 sintimeter iis lei. Doe is der noch sniefage. As der woansdei al riden wurdt, moat de rûte in stik lytser makke wurde. Dat wurdt ek letter besletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)