Toertocht op Iselmar by Surch

01 jan 2009 - 13:03

De iisferiening fan Surch organisearret sneon in tocht dy't oer in part fan de Iselmar giet. It is in rûte fan in kilometer as sân, fan de kop fan de Ofslútdyk yn de rjochting fan Makkum.

Op Aldjiersdei is de dikte fan it iis noch metten. Oer de hiele rûte leit sa'n tsien sentimeter. Neffens de organisaasje is dat genôch om de tocht trochgean te litten. It stik fan de Iselmar dêr't riden wurdt, leit yn de lijte, dêr't it goed frieze wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)