Toertocht Himmelum giet oer

01 jan 2009 - 15:26

De alfde Fûgelhoeketocht freed yn de omkriten fan Himmelum, giet net troch.De organisaasje hie de tocht woansdei útskreaun, mar hat besletten om him ôf te lassen. Reden is dat der hjoed al in hiel soad op it trajekt riden wurdt en dat de baan der slim fan te lijen hat. Dêrby komt noch dat it ek teiwaar is.

De iisklup hopet dat de tocht yn de rin fan nije wike dochs noch hâlden wurde kin, as it waar it talit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)