Toertocht goed ferrûn

04 feb 2012 - 16:25

De earste toertocht fan it seizoen op de Jan Durkspolder by Earnewâld hat sneon mear as 5000 riders lutsen. Offisjeel mochten der mar 4000 meidwaan, mar neffens de organisaasje binne der ek hûnderten minsken fan start gien sûnder offisjele ynskriuwing.

De drokte op it iis soarge ek foar grutte drokte op de dyk. Sa stie der moarns in file fan goed fiif kilometer nei it startplak op Camping It Wiid. Nettsjinsteande de drokte wiene der eins hast gjin ûngemakken. Trije minsken moasten fan it iis helle wurde mei lytse ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)