Toertocht Earnewâld giet troch

03 feb 2012 - 14:32

De toertocht op de Jan Durkspolder by Earnewâld giet sneon troch. De gemeente Smellingerlân hat in fergunning ôfjûn. IIsklub Lyts Begjin hat freed hiele moarn dwaande west mei it útsetten fan in goede feilige baan foar it hele gesin.

It iis is neffens de iisklup tsjok genôch, mei op plakken sels tusken de 10 en 20 sentimeter iis. Mar der is ek gefaar, want guon wakken binne noch mar krekt tichtferzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)