Toertocht by de De Feanhoop

14 des 2002 - 00:00

IIswegesintrales yn Fryslân warskôgje noch hieltyd foar ûnbetrouber iis. De oprinnende temperatuer soarge sneon foar slippartijen op de dyk. Net dat it iis daliks folle tinner is, mar it is net fertoud bûten de ôfsettings te kommen.

By De Feanhoop wie de iisflier sterk genôch foar in famyljetoertocht. Der kamen 1500 minsken op ôf. Op safolle hie de organisaasje net rekkene, dat der moasten startkaarten bydrukt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)