Toeristyske ympuls Súdwesthoeke

16 nov 2005 - 10:09

De stifting Stimulearring Súdwest- Fryslân wol de kommende jierren flink wat ynvesteare yn de opset fan in grut netwurk oan toeristyske routes yn de Súdwesthoeke. Sa'n netwurk moat der foar soargje dat ek bûten it heechseizoen in soad minsken nei de regio ta komme.

It giet foarearst om de opset fan in tweintichtal routes. Mei-elkoar sil de stifting sa'n 850.000 euro ynvesteare yn ferskate projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)