Toeristysk plan PvdA Skylge

25 jan 2007 - 14:36

De PvdA op Skylge komt mei in eigen takomstplan foar it toerisme op it eilân. It is in reaksje op in plan fan boargemaster en wethâlders, dêr't de ried nije wike oer praat.

De PvdA wol besteande foarsjennings ferbetterje, om sa mear toeristen te lûken. Boargemaster en wethâlders wolle mear toeristen krije troch mear bêden. Neffens de PvdA soarget dat net automatysk foar mear besikers op it eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)