Toeristetrein Hylpen fan start

08 jul 2011 - 21:20

Hylpen hat der sûnt freed in toeristyske attraksje by. It giet om in elektryske trein dy't trije kear deis in twa oeren duorjende tocht makket. Dy giet lâns it stasjon, de kemping, it reedrydmuseum, Museum Hindelopen en de Alde Haven.

De trein bestiet út in lokomotyf en twa wagons dêr't tritich minsken yn sitte kinne. De trein wurdt riden troch frijwilligers. It giet om in inisjatyf fan de Vereniging promotie Hindelopen en de pleatslike VVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)