Toeristen werom nei hûs

16 aug 2004 - 17:36

De Nederlânske toeristen dy't fêstsitte op it fleanfjild yn it Ghanese Accra, komme moandeitejûn thús. Dat hat Nico de Vries fan it lyknammige reisburo yn Drachten sein.

De toeristen kamen oardel wike lyn fêst te sitten op it fleanfjild yn Accra. Sy hiene boekt fia De Vries. De Ghanese fleanmaatskippij hie materiële problemen, wêrtroch der te min fleantugen beskikber wiene. Dat is no dus oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)