Toeristen oppakt foar mishanneling yn Ljouwert en op Skylge

14 jul 2015 - 11:30

De plysje hat moandei twa toeristen oppakt foar mishanneling. Yn de Griene Stjer yn Ljouwert hat in 38-jierrige man út Skerpenseel de eigener fan de kamping dêr in kopstjit jûn nei in diskusje. Hy is oppakt en moat boppedat op syk nei in oar plak om te kampearjen.

Ek op Skylge gong it mis. In man fan 29 út Grins hat yn in kafee yn Midslân in famke fan 16 út Breukelen mishannele. Se rekke ferwûne oan de kiel en is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De man is oanhâlden troch portiers en oan de plysje oerdroegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)