Toeristen net nei Ternaard

05 jun 2010 - 13:30

It plan fan de stichting Groene Hart om mear toeristen nei Ternaard te lûken is mislearre. In tal jierren lyn kocht de stichting dy wenten op om der rekreaasjewenten fan te meitsjen. Doel is om it sintrum fan it doarp te behâlden en foar te kommen dat de huzen opkocht wurde troch in projektûntwikkelder.

Yn 2004 liende de stifting 320.000 euro om de wenten op te knappen en te ferhieren oan toeristen. It pleatsen fan advertinsjes smiet te min op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)