Toeristen mije Fryslân

20 apr 2001 - 00:00

De Fryske toeristyske sektor hat te lijen ûnder de tongblierkrisis. Neffens de direkteur fan reisorganisaasje Friesland-Holland mije de toeristen de provinsje. Net inkeld it minne waar spilet de campings parten.

De toeristyske sektor wol ek finansjele kompensaasje fan de oerheid. De Keamer fan Keaphannel hat út de hoarekabrânzje al in soad skeameldingen krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)