'Toeristen lûke moat oars'

15 mrt 2012 - 07:29
  • Strântinte by It Amelân

Toeristyske ûndernimmers op It Amelân moatte har spesjaliseare en net mear besykje safolle mooglik minsken nei it eilân te heljen. Want dat wurket net mear yn tiden fan resesje en feroare fakânsjewinsken. Dat is de konklúzje fan in sympoasium op It Amelân, oer de toeristyske merk no en yn de takomst.

Om Amelân op de kaart te hâlden, moat it oanlûken fan toeristen oars oanpakt wurde. Social media as twitter en facebook kinne dêrby helpe.

Ek moatte ûndernimmers bygelyks net ynsette op groepen Dútse skoalbern dy't eartiids faak op It Amelân kamen, omdat dy tsjinwurdich net mear sa op skoallereis gean. De grutte ferbliuwsakkomodaasjes soene dêrom ferboud wurde moatte ta lytsere romten foar gesinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)