Toeristen bliuwe fuort

18 jul 2011 - 16:48
  • De campings bliuwe leech

Toeristen bliuwe massaal fuort fanwege it oanhâldende minne waar. Allinne in waarsferoaring kin it seizoen noch rêde, mar it simmerwaar liket foarearst noch fier fuort. Rekreaasje-ûndernimmers kleie dan ek stien en bien. Op guon campings is de besettingsgraad mar 15%, wylst de fakânsjes yn it midden en suden al los binne.

De hope is festige op in waarsomslach, mar de waarberjochten prate noch net fan simmerwaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)