Toeristebelesting útsteld

07 jul 2006 - 17:13

De gemeente Dongeradiel fiert foarearst gjin toeristebelesting yn. Rekreaasjeûndernimmers en riedsleden binne derop tsjin dat rekreanten belesting betelje foar in oernachting yn de gemeente. Dêrom sjocht it kolleezje fan B en W der earst fan ôf.

Doel is wol om de toeristebelesting yn 2008 yn te fieren. Dongeradiel ferwachtet mei in taryf fan 54 sint de persoan de nacht jierliks 86.000 euro te barren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)