Toeristebelesting Skylge oars

13 mrt 2005 - 16:31

De gemeenteried fan Skylge nimt tiisdei oer in wike in beslút oer de nije foarm fan toeristebelesting op it eilân. No betelje de toeristen dy belesting noch foaral troch in taslach op it boatkaartsje.

Rederij Doeksen is dêr lykwols net sa bliid mei, om't de boatkaartsjes dêrtroch djoerder lykje. B&W wolle no dat der per oernachting in taslach betelle wurdt op de kamping, it bungalowpark of yn it hotel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)