'Toeristebelesting moat oars'

03 jun 2007 - 12:34

De heffing fan toeristebelesting yn Eaststellingwerf moat oars, dat fine PvdA en GrienLinks yn de gemeente. Eaststellingwerf hat no ien taryf foar alle akkomodaasjes. De partijen fine dat der ferskate tariven komme moatte.

Dêrby soe ûnderskied makke wurde moatte tusken mini-kampings, gewoane kampings, groepsakkomodaasjes, hotels, pensjons en fakânsjehuzen. De gemeenterie fan Eaststellingwerf praat ynkoarten oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)