Toeristebelesting hjir leech

23 aug 2007 - 20:15

De toeristebelesting yn Fryslân is folle leger as yn oare parten fan it lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it konsumintebûn. Gemiddeld binne toeristen hjir 38 sinten de oernachting kwyt. Dat is goed 25 sinten minder as it lanlik gemiddelde.

Ek yn Grinslân is de toeristebelesting leech, mei 40 sinten de nacht, mar dêrnei rint it hurd op. De heechste belesting is te finen yn Limburg. Dêr binne jo gemiddeld 91 sinten kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)