Toeristebelesting falt min

18 okt 2011 - 12:05

De ynfiering fan in toeristebelesting op 1 jannewaris takom jier yn Weststellingwerf falt dêr net goed by de rekreaasjeûndernimmers. Se binne net allinnich tsjin de belesting mar ek tsjin it momint wêrop't it ynfierd wurdt.

Omdat it foarnimmen om de belesting yn te fieren pas let bekend wie, ha de measte ûndernimmers de tariven foar takom jier al de doar út sûnder de belesting dêrmei te ferekkenjen. Dus moatte de ûndernimmers it sels betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)