Toeristebelesting D'diel heger

28 aug 2014 - 11:41
  • Jild

De gemeente Dongeradiel wol de toeristebelesting foar kommend jier ferheegje fan 1 euro nei 1 euro 50 foar in oernachting. De maatregel moat de gemeente 132.000 euro opsmite. Neffens boargemaster en wethâlders is it beslút rjochtfeardige om't de gemeente flink ynvestearret yn rekreaasje en toerisme en dat de kommende jierren ek dwaan bliuwt.

De gemeente wol mear dwaan mei syn lizzing oan de Waadsee, it befarber meitsjen fan de Súd Ie en bettere foarsjennings foar wettersporters yn Dokkum. De gemeenteried praat yn septimber oer it foarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)