Toerist moat nei Lemsterstrân

27 nov 2003 - 00:00

It Lemsterstrân op De Lemmer wurdt mear geskikt makke foar toeristen. De gemeente hat unanym tastimming jûn oan de plannen dy't miljoenen euro's kostje. Der komt in strânpaviljoen, it parkearterrein wurdt asfaltearre en der komme 45 plakken yn de jachthaven by.

Oer de bou fan in wentoer op it terrein fan Ooievaarsnêst wurdt noch praat. De wenningstichting wol sân etaazjes en de gemeente fiif. De gemeente wol dat de wurksumheden foar 2006 klear binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)