Toerist moat Koudum rêde

01 des 2011 - 22:25

De toerist moat der foar soargje dat de foarsjennings yn Koudum op peil bliuwe. Dat stiet yn de nije doarpsfyzje dy't tongersdei presentearre waard. Koudum is op it stuit gjin krimpdoarp, mar soe dat wol wurde kinne. En dat soe betsjutte kinne dat guon foarsjennings ferdwine.

Mar neffens de doarpsfyzje hoecht dat hielendal net, as se de toeristen as in soarte fan tydlike bewenners opnimme yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)