'Toerist fuort troch wynmûne'

07 feb 2014 - 18:34
  • Wynturbines

Toeristyske ûndernimmers lâns de Iselmarkust en op de Waadeilannen meitsje harren grutte soargen oer it ferlies fan gasten as der wynparken komme mei mûnen fan 200 meter heech. Enkêtes ûnder de toeristen litte sjen dat mear as 30 prosint fan de gasten net werom komt nei Fryslân as dizze mûnen der komme.

Dit is foar feriening fan rekreaasjeûndernimmers RECRON en de Hiswa in ûnakseptabel persintaazje. Beide klups freegje de provinsje mei klam om in ûnôfhinklik buro yn te skeakeljen om yn byld te bringen hoe't sa'n wynmûnepark der útsjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)