Toerismekampanje is súksesfol

20 apr 2012 - 21:29

De wize wêrop't seis gemeenten yn Noardeast Fryslân har mei-elkoar ferkeapje oan de toerist docht fertuten. It giet om Kollumerlân, Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

De effekten fan harren kampanje ûnder de flagge fan 'Dwaande.nl' binne goed te fernimmen by de toeristyske ûndernimmers yn de regio. Der kamen ferline jier mear minsken nei de streek, wylst it waar yn de simmer bot ôffoel. De toeristyske webside fan Noardeast Fryslân lûkt ek in soad besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)