Toerisme Ynstitút noch ûnwis

14 aug 2009 - 15:07

De Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert wol gau dúdlikheid oer it opsetten fan in nij Europeesk Toerisme Institút ETI. Foar dit ynstitút is wol 3 miljoen euro foar nêdich. Ferskate gemeenten, provinsjes en merkpartijen ha al in bydrage tasein.

It wachtsjen is no op hast oardel miljoen euro subsydzje fan SNN, it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân. As dy net meibetelje wol, kin it ynstitút der net komme. Stenden wol graach op 1 jannewaris 2010 los mei it ETI.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)