Toerisme hat profyt fan krisis

25 apr 2012 - 14:07

Fryske rekreaasje-ûndernimmers ferwachtsje te profitearjen fan de trend dat in soad Nederlanners de maaiefakânsje yn eigen lân trochbringe. Dat seit Petra Ellens fan de Recron. Neffens it toerismeburo sille 1,8 miljoen minsken op fakânsje en dêrfan bliuwt de helte yn Nederlân. Reden dêrfoar soe de finansjele krisis wêze. Yn Fryslân dogge bungalows it goed. Lytsere kampings ha it dreger, benammen as it waar ôffalt. De Waadeilannen skoare tradisjoneel altyd goed yn de maaiefakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)