Toerisme groeit minder hurd

28 apr 2006 - 17:30

It toerisme yn Fryslân groeit net hurd genôch. Doel wie om tusken 2000 en 2010 it tal oernachtings mei 15 prosint tanimme te litten. Sûnt 2000 is it tal oernachtingen en besikers oan dei-attraksjes krekt achterútgien. Toeristen ha wol mear jild útjûn.

Troch it fallyt gean fan it NNBT yn 2003 is de groei stykjen bleaun. De provinsje stelt it doel no by nei in taname fan it tal oernachtingen nei tsien prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)