Toering kandidaatlistlûker FNP

13 okt 2010 - 09:36
  • Annigje Toering

Annigje Toering út Mantgum is de nije kandidaat-listlûker fan de FNP foar de Steateferkiezings fan maart 2011. Johannes Kramer is kandidaat-deputearre. Yn novimber sprekke de leden har út oer de kandidatelist.

Toering sit sûnt 2003 yn de Provinsjale Steaten. Se is vice- foarsitter fan de FNP fraksje. Ek is se twadde foarsitter fan de Steaten en dêrmei de earste ferfanger fan de kommissaris fan de keninginne. Op de kandidatelist steane ek nije nammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)