Toer Wilkens en Van Kralingen

24 des 2008 - 14:29

Piter Wilkens en operasjongeres Miranda van Kralingen komme mei in teaterprogramma. Yn it programma, dat as titel 'Wy dogge de blommen' krigen hat, wurde ferskate muzykstilen brocht. Fryske eleminten fiere de boppetoan. Sa bringe Van Kralingen en Wilkens ûnder oare in duet fan Mozart yn it Frysk.

De twa wurde begelaat troch muzikanten fan de Fryske Jeugd Brassband. De premiêre fan 'Wy Dogge de Blommen' is op 17 jannewaris op 'e Gordyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)