Toer moat dochs tsjin de flakte

16 aug 2002 - 00:00

De brânslangtoer yn Easterwâlde wurdt dochs ôfbrutsen. In aksjegroep hat lang besocht it gebou op de monumintelist te krijen, mar hy is 6 jier te jong.

De markante toer stiet op it gebou fan gemeentewurken oan de Kuipenstreek. Earder waarden dêr de brânwachtslangen ophongen om te droegjen. De toer moat wike foar nijbou fan it gemeentehûs. De sloopfergunning is al ôfjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)