Toer dochs pleatst op Amelanner Clemenstsjerke

29 mrt 2016 - 12:00

Op It Amelân is tiisdei dochs de toer op de Sint Clemenstsjerke setten. It wie lang spannend oft it wol trochgean koe, omdat der op peaskemoandei in flinke stoarm stie. De skoalbern fan it eilân hiene frij krigen om it spektakel mei te meitsjen. It weromsetten fan de toer is foarearst it hichtepunt fan de bou fan de tsjerke.

De tsjerke baarnde trije jier lyn folslein ôf. De fersekering kearde 3,2 miljoen euro út foar de weropbou. Mei fûnsen en donaasjes is der jild oer foar ûnder oare isolaasje en flierferwaarming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)