Toer Aldeboarn wurdt opmetten

11 aug 2014 - 19:58

In nij haadstik yn it ferhaal fan de Tuorkemjitters en de Lyntsjesnijers: as de renovaasje fan de toer yn Aldeboarn klear is, sille de ynwenners fan Aldeboarn de toer op 'e nij mjitte. It is de bedoeling dat alle bewenners fan it doarp in meter tou of lint ynleverje. Dêrfan wurdt ien lang tou makke, dêr't de toer mei opmetten wurdt.

Keunstner Ardy Proot kaam mei dit idee, omdat it projekt de doarpsmienskip meielkoar yn kontakt bringt. It mjitten sil nei alle gedachten ein oktober plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)