Tocht wurdt race tsjin 'e klok

07 feb 2012 - 16:34

Foarsitter Wiebe Wieling fan de Feriening fan de Fryske Alvestêden hâldt hoop dat der ynkoarten noch in Alvestêdetocht komt. Tagelyk sjocht Wieling ek wol dat it in race tsjin de klok wurdt. Foar tongersdei wurdt in dip yn de winter foarsein en moandei is it teiwaar.

Fral yn de súdwesthoeke leit noch lang net genôch iis. Wieling en iismaster Oostenbrug wiene tiisdei sels op ynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)