Tocht troch Ljouwert foar Auke

23 jan 2014 - 12:54
  • De grêfkiste fan Auke Visser

Mei in karre, lutsen troch twa Fryske hynders, wurdt Auke de Sloper freed nei it krematoarium brocht. De kleurrike Ljouwerter, dy't ferline wike stoar, makket freed in lêste tocht troch de stêd. Dêrby sil in oantal plakken oandien wurde dêr't Auke Visser wat mei hie. Sa hâldt de stoet stil by it Cambuur-stadion, by Café 't Hoekje op de Weaze, en op it Saailân dêr't de freedsmerk dan is. Yn in âld izerloads by de Swette is dêrnei in ôfskiedsbyienkomst.

Boargemaster Crone sil dêr net sprekke. Undúdlik is noch oft it kolleezje fan Ljouwert in oare fertsjintwurdiger stjoert. Ek is noch net wis oft Imca Marina dêr sjonge sil, sa't de famylje graach woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)